Terug

Swarte ingels

[eBook]

Swarte ingels (Willem Schoorstra) - eBook
€7,00

Hilbrand en syn suske Fardou wenje wat isolearre op in pleats bûtenút. Har heit wol dat se mei sport grutbrocht wurde, har mem set se op it spoar fan de literatuer. It ferhaal wurdt ferteld troch Hilbrand. Heit en mem ha in minne relaasje en hy ûntdekt dat heit mei oare froulju omslacht. Sels rekket er fereale op syn suske. Hy pakt der mei om en kin neat skine litte. Allinne syn pake, dy't net mear prate kin, fertelt er it oan. As Fardou troch in tafal te witten komt wat hy foar har fielt, krije se in ferhâlding. De relaasje kin net geheim bliuwe en kriget in dramatyske ein. It ferhaal fan dizze ûnmooglike leafde spilet him ôf tsjin it treflik oproppen dekor fan de jeugdkultuer fan de santiger jierren. Swarte ingels kaam út yn 2004 en waard in jier letter bekroand mei de Fedde Schurerpriis, debútpriis fan de Provinsje Fryslân. In oersetting troch de auteur sels ferskynde ûnder de titel Zwarte engelen. De sjuery fan de Fedde Schurerpriis: `Fardou behearsket de sirtuaasje en Hilbrand lit him meislepe en is faak eangstich. Dy rolferdieling draacht tige by oan de kwaliteit fan de roman. (...) Yn psychologyske sin wurde Fardou en Hilbrand oertsjûgjend delset en de lêzer kin der in hiel ein yn meigean, hoe aaklik it ek is. Fan it begjin ôf leit der in `doem' oer it ferhaal, mar deútwurking is nuansearre, iepen en jout romte. (...) Wat de styl oangiet, Willem Schoorstra hat in grutte taalmacht en is in rasferteller. Hy skriuwt mei gong, effektyf, byldzjend, somtiden lyrysk, somtiden ek smaaklik.' In werútjefte fan Swarte ingels ferskynde yn 2010 yn de rige `Nije biblioteek'. Yn febrewaris en maart 2011 stie de titel sintraal yn de lêsbefoarderingsaksje `Fryslân lêst syn toppers'. Der kaam in nije edysje fan it boek, mei lytse korreksjes. Dizzeútjefte is de fjirde edysje.


Specificaties

  • Publication date :
  • Formaat : eBook
  • Type : ePub watermerkePub watermerk
  • Auteur : Willem Schoorstra
  • Uitgever : TDE
  • ISBN : 9789089543998
  • Taal : Nederlands
  • Pagina's : 185

Aanbiedingen

Nicci French De dag van de doden (eBook) De dag van de doden, Nicci French
€14,99€6,99
Actieprijs t/m 30 september

Lees meer

Philippe Claudel Archipel van de hond (eBook) Archipel van de hond, Philippe Claudel
€12,99€4,99
Actieprijs t/m 30 september

Lees meer

Laura McHugh Onvindbaar (eBook) Onvindbaar, Laura McHugh
€9,99€4,99
Actieprijs t/m 30 september

Lees meer

Charles C. Mann 1493 (eBook) 1493, Charles C. Mann
€6,99€4,99
Actieprijs t/m 03 oktober

Lees meer

Elizabeth George In wankel evenwicht (eBook) In wankel evenwicht, Elizabeth George
€9,99€4,99
Actieprijs t/m 30 september

Lees meer

B.A. Paris Breng me terug (eBook) Breng me terug, B.A. Paris
€12,99€4,99
Actieprijs t/m 30 september

Lees meer

Elizabeth George Dag des oordeels (eBook) Dag des oordeels, Elizabeth George
€11,99€4,99
Actieprijs t/m 30 september

Lees meer

Baldacci, David De laatste mijl (eBook) De laatste mijl, Baldacci, David
€9,99€4,99
Actieprijs t/m 30 september

Lees meer

Ann O'Loughlin De vrouw van de rechter (eBook) De vrouw van de rechter, Ann O'Loughlin
€9,99€4,99
Actieprijs t/m 30 september

Lees meer

Elizabeth George Een onafwendbaar einde (eBook) Een onafwendbaar einde, Elizabeth George
€9,99€4,99
Actieprijs t/m 30 september

Lees meer

Onze website werkt niet zonder cookies. We vragen je om je toestemming om cookies te kunnen blijven gebuiken. Klik hier voor meer informatie over onze cookies. Of kies: Het is OK. Ik snap het