TDE

  • De smearlappen

    Anne Wadman

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis, dy't langet nei frijheid en fiere fierten. Se wennet allinne mei har heit, in `gelearde boer', dy't hielendal opgiet yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. I...

  • De reade bwarre

    Trinus Riemersma

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de `Modderklauers', op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de `Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de `grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de j...

  • Fabryk

    Trinus Riemersma

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Der is gjin Frysk boek dat sa'n lange en sa'n fûle diskusje losmakke hat as Fabryk (1964). Dêrby gong it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer. Ien fan de opfallendste eleminten yn Fabryk is it idee fan de ik-figuer om in died te stellen om ...

  • Dit boek spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda hat trije seizoensarbeiders fan It Bilt ynhierd foar de ûngetiid. It akkordearret net tusken harren. Holwerda fynt de mannen te mûlryp en te selsbewust. Geandewei ûntjout him in machtsstriid, dêr't de boer slach op slach yn ferliest. As it wurk earder d...

  • Hilbrand en syn suske Fardou wenje wat isolearre op in pleats bûtenút. Har heit wol dat se mei sport grutbrocht wurde, har mem set se op it spoar fan de literatuer. It ferhaal wurdt ferteld troch Hilbrand. Heit en mem ha in minne relaasje en hy ûntdekt dat heit mei oare froulju omslacht. Sels rekket...

  • Tin iis

    Tiny Mulder

    • Tde
    • 1 December 2014

    De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har âlder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy dêr starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma dyt it hûs iepen...

  • Nei de klap

    Trinus Riemersma

    • Tde
    • 1 December 2014

    In ploechje bern swalket troch Frankryk en besiket te oerlibjen. It is in jier of sân nei de klap. Sûnt is de natoer yn de war. Allinne rêdt in mins it net op yn san wrâld. Bern hâlde har better steande as âlderen. De fjirtjinjierrige Ake út Drachten hat him oansletten by it ploechje fan Claus, in m...

  • In bolle yn 'e reak

    Anne Wadman

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn 'e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, op wa't de titel betrek...

  • Rienk Bockema syn lang libben (1350-1436) spile him net allinnich ôf yn Rodenboarch, de mânske stiens dy't binnen de wâlen en grêften fan it midsieuske Snits stie. Doe't er weromkaam fan in krústocht nei Rhodos, waard er troch kening Edward III fan Ingelân om syn moed ta ridder slein. Mar yn de jier...

  • Cornelis Frederiks wurdt assistint fan boumaster Jacob van Aaken, dy't yn 1529 begongen is mei de bou fan de Aldehou yn Ljouwert. Troch de sunigens fan de opdrachtjouwers wurdt de fundearring net goed útfierd en begjint de toer skeef te sakjen. Nei Van Aken syn dea wurdt Cornelis boumaster, mar as i...

  • Sa'n tuzen blauwe skriften

    Doeke Sijens

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Yn dit boek wurdt it libben beskreaun fan Reinder Brolsma (1882-1953), ien fan de grutte Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu. Ferneamd om syn wurk, bleau syn persoanlik libben oant no ta fierhinne ûnbekend. De biograaf hat tagong krigen ta famyljedokuminten en petearen hân mei Brolsma syn doch...

  • Skiednis fan de Fryske biweging is it earste folsleine boek oer de `Fryske beweging'. Under dat begryp falle alle organisaasjes en minsken dy't har ynsetten hawwe om it Frysk mear earmslach te jaan. Van der Schaaf krige yn 1972 fan de Fryske Akademy de opdracht om it boek te skriuwen; hy wie doe kre...

  • Imitaasjelear

    Jitske Bilker

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Anke Stevens is yn in beskerme milieu grutbrocht dêr't it kristlik leauwe it fûnemint is fan it bestean. Se wol har net deljaan ûnder it gesach fan har âlden en ûnder ynfloed fan har hertsfreondin Margreet skuort se har los út in fermidden fol beheinings. Op har reis nei folwoeksenens lit se in spoa...

  • De earste printing fan Jan Piebenga syn `Koarte skiednis' ferskynde yn 1939. It wie it earste folsleine skiednisoersjoch fan de Fryske literatuer en ûntstien út de praktyk fan it lesjaan. It boek is tige ferheljend fan opset en jout rom omtinken oan persoanen en omstannichheden. It besiket elke Frys...

  • De bondel In brulloft yn de Wâlden is in kar út de bêste proazastikken fan Tsjibbe Gearts van der Meulen en útjûn ta gelegenheid fan syn 150ste bertejier. Besoargers wiene Freark Dam en Ype Poortinga. Hja neamden him njonken Waling Dykstra de wichtichste folksskriuwer fan syn generaasje. Yn syn wier...

  • Yn dizze boereroman út 1939 wurdt in fetweider delset dy't besiket syn lytse buorkerij en húshâlding fan frou en trije dochters yn bestjoer te hâlden. Dat slagget him mar amper, want de froulju dogge har eigen sin. It ferhaal folget it jier dat de trije fammen oan in man slagje. De âldste, Fokje, gi...

  • De wylde boerinne

    T.E. Holtrop

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Boerinne en widdofrou Broersma jout har buorman Lammers blau, in lyts en ûnsjoch mantsje, mar wol boer op in grutte pleats. As wraak ûntseit Lammers frou Broersma it rjocht fan reed, foar har needsaaklik as ferbining mei de bûtenwrâld. It konflikt tusken beide graniten karakters wurdt pas beslikke m...

  • Frijende kikkerts

    Hylkje Goinga

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Hylkje Goïnga fertelt yn Frijende kikkerts op in hast achteleaze wize it emosjonele ferhaal oer de striid fan Martha yn de relaasje mei har man. Hy hat gjin wiere oandacht foar har en is har ûntrou. Sa komt sy yn in krisis telâne. As se him op in dei in koarkelûker yn it boarst draaie wol om te sjen...

  • De bijekening

    Sjoerd van der Schaaf

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Bouwe Caesar Hommema, in wat twiveleftige profeet, is in nijljochter dy't stúdzje makket fan it bijefolk. Hy siket it geheim fan har perfekte wurkferdieling en wûnderlik goed regele libben én stjerren. As hy dat geheim ûntriedselje kin, wol er dat ek op de minskemaatskippij tapasse. Hommema is in ma...

  • It freark jabiks folk

    Paulus Akkerman

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Dit boek fertelt it ferhaal fan de bern en oantroude bern fan Freark Jabiks, in laach fan skippers en winkellju. Hiel gewoane minsken, wrotters en wramers, dy't dreame fan in better bestean. Frearkje, de âldste dochter, offeret har hiele libben op, earst foar heit en dan foar har jongste broer Teade...

  • Op 'e literaire toer

    Hessel Miedema

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Hast alle opnommen wurk yn dizze sammelbondel hat earder yn it literêr tydskrift Quatrebras stien. By de poëzij is de leafdessyklus `Trettjin fersen', mei de bekende rigels: `dêrom lei ik de kul oer 't skouder / en reizge floitsjend ôf', en de grutte sykli `Stadich brekke de foarmen út 'e skyl' en `...

  • In delgeande tiid

    Willem Verf

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    In delgeande tiid is in bondel mei ferhalen oer de jongerein dy't as kânsearm, drop-outs of rânegroepjongeren typearre wurdt. De ferhalen spylje yn in minne tiid as benammen sokke jongeren yn in útsichtleaze situaasje bedarje, sawol finansjeel as sosjaal en maatskiplik. Troch harren problemen komme ...

  • Simmer

    Nyckle J. Haisma

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Foar Aent Obma, boeresoan en opgroeid op de famyljepleats oan it Dokkumer Djip, is Fryslân yn syn jonge jierren te lyts. Hy swalket de hiele wrâld oer en fia Amearika bedarret er yn Ynje. Pleage troch ûnwennigens komt er nei in fearnsieu in simmer lang werom yn it Heitelân. Aent fynt byld en wêzen f...

  • Trude

    Hoatse de Jong

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Dizze roman fertelt oer tsien jier út it libben fan de prachtige blesfos Trude. It ferhaal einiget by de befrijing. In oarlochsboek is dit boek fan Hoatse de Jong net, mar it rekket de tastannen yn 'e besettingsjierren wol. Want de minsken om Trude hinne wurde ek beskreaun: de boer, in fûle nsb...

empty