Elikser B.V. Uitgeverij

  • De humor yn

    Jan Schokker

    Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha.

    Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte situaasjes. Nei in rige boeken mei plysjeman Ale Alema yn de haadrol en in boek oer twa twillingbruorren en in famyljebedriuw no in boek oer Schokker sels. Ek ien fan in twilling trouwens.

  • Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma is in bondel gedichten en sangen, byinoar garre troch Bruinsma sels. It grutste part fan de gedichten binne gelegenheitsgedichten fan syn eigen hân, benammen gedichten oer tsjerken. Dêrneist binne der bekende en mear ûnbekende gedichten fan oare auteurs, mei oersettings fan Bruinsma yn ferskate talen, en gedichten út oare talen, oerset yn it Frysk. Treflik binne ek de oersettings fan Aldfryske sangen.
    Klaas Bruinsma is ferneamd om syn oersettings yn byldzjend Frysk. Syn enoarme talenkennis yn kombinaasje mei lyryske talinten meitsje syn wurk ta in wichtich stik erfgoed foar it Fryske taalgebiet, mei syn eigen wurk as de peareltsjes yn de kroan.

    Klaas Bruinsma (*Easterein 1931) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen en krige twa kear de Obe Postmapriis. Bruinsma wurket út leafde foar de taal en út oertsjûging en idealisme foar Fryslân (syn eigen wurden).

  • Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe't Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet de skurvens no oer him komme. Der siet eat ferskriklik mis. Hy hie syn eigen yndividualiteit oerjûn en him oerlevere oan de machten fan de groep. It wie net te miskennen dat Anjelique der prachtich útseach, syn jierklubmaten soene him dêr ek op wurdearje. Mar dy wurdearring woe er net. De twifel begûn stadichoan op te lossen.

    Dates binne maklik te skoaren yn it studintelibben, mar froulju binne komplisearre. Se sizze net altyd wat se tinke en ferwachtsje fan alles fan Sybren mar se sizze net dúdlik wat. Hy siket in balâns tusken frijheid en ferbining en stelt himsels dêrby essinsjele fragen oer doel en wearde fan syn libben.

    De fyfte roman fan Sjieuwe Borger lit de ûntjouwing fan Sybren sjen tsjin de eftergrûn fan it studintebestean yn de stêd en op it plattelân.

  • Waatze Gribberts Brulloft is in rûch ferhaal oer simpele harry's. Se sûpe, se frette en se tjirgje har en dochs bedoele se it net ferkeard. Bejubele yn 'e 18e iuw, ôfkreake yn 'e 19e iuw. Wat fine jo derfan, yn 'e 21e iuw?
    It Libben fan Aagtje IJsbrants is in humoristysk ferhaal oer pratende pronkjende froulju. It lit sjen hoe't Aagtje harsels foar de gek hâldt en jout in prachtich byld fan it libben op it plattelân foar de yndustriële revolúsje.

empty