TDE

  • Yn dizze boereroman út 1939 wurdt in fetweider delset dy't besiket syn lytse buorkerij en húshâlding fan frou en trije dochters yn bestjoer te hâlden. Dat slagget him mar amper, want de froulju dogge har eigen sin. It ferhaal folget it jier dat de trije fammen oan in man slagje. De âldste, Fokje, giet nei Hollân en ûntfangt dêr temûk har Fryske frijer Keimpe. Froukje rekket nei in dei op stap nei de TT yn Assen yn ferwachting fan buorman Sibbele, in rûge mar grutte boer. Hoewol't har âlden leaver in man mei in hegere funksje foar har hân hiene, trout se mei him. Geeske, de jongste, slagget oan in yntellektuele drompelsliper út de stêd, lid fan de NSB. Dizze roman hat bekendheid krigen yn de Fryske literatuer omdat der foar it earst iepentlik yn skreaun waard oer seks. De roman waard dêrneffens posityf ûntfongen, omdat de erotyk yn tsjinst stiet fan in fitale en natuerlike libbenshâlding. It ûntbrekken fan in dúdlike moraal docht modern oan.
    Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1993. It neiwurd is fan Tr. Riemersma.

    De kwaliteiten fan Kiestra as ferteller tille dit boek fier út boppe in gewoane boereroman.
    Yn de Leeuwarder Courant

    Kiestra is in tige wisse skriuwer dy't syn wurden as spikers yn it hout driuwt. Dat proaza is rjocht op 'e man ôf, in bytsje sarkastysk soms, en altiten fan in sterke kwaliteit.
    Yn it Bolswarder Nieuwsblad

  • It freark jabiks folk

    Paulus Akkerman

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Dit boek fertelt it ferhaal fan de bern en oantroude bern fan Freark Jabiks, in laach fan skippers en winkellju. Hiel gewoane minsken, wrotters en wramers, dy't dreame fan in better bestean. Frearkje, de âldste dochter, offeret har hiele libben op, earst foar heit en dan foar har jongste broer Teade. Mei him fart se jierrenlang op de âlde snikke. Ek stiet se noed foar Durkje, de jongste dochter. Hja is troud mei arbeider Auke dy't dreamt fan in eigen spultsje en hieltyd jild fan oaren nedich hat.
    Paulus Akkerman skreau dizze roman yn de oarlochsjierren, earst as fúljeton foar it tydskrift Yn ús eigen tael. Utjouwer Brandenburgh fan Snits publisearre it yn 1946 yn boekfoarm.
    Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1994. It neiwurd is fan T. Steenmeijer-Wielenga.

    Akkerman syn boek jout in staal fan ûndjip Frysk realisme, mar dat mei leafde en tagedienens de fynste brokjes fan it libben bepluzet...
    Anne Wadman yn de Tsjerne

    Troch de kostlike taal sjocht men hieltyd it glimkjen fan de skriuwer.
    Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant

    Paulus Akkerman wit syn persoanen ta libben te bringen en se prachtich te karakterisearjen.
    Jan Jongsma yn it Friesch Dagblad

  • Trude

    Hoatse de Jong

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    Dizze roman fertelt oer tsien jier út it libben fan
    de prachtige blesfos Trude. It ferhaal einiget by de
    befrijing. In oarlochsboek is dit boek fan Hoatse
    de Jong net, mar it rekket de tastannen yn 'e
    besettingsjierren wol. Want de minsken om Trude
    hinne wurde ek beskreaun: de boer, in fûle nsb-er,
    en syn dochter, fereale op de feint dy't neat fan de
    Dútsers witte wol. Uteinlik wurdt de blesfos
    foardere trocht de besetter. Hoatse de Jong
    skriuwt yn geef folksaardich Frysk oer it boerewurk
    en boerelibben.
    De earste printing fan it boek ferskynde yn 1953.
    Dizze fyfte printing is in werútjefte fan de fjirde út
    1994 yn de rige `Fryske Klassiken I', mei in
    neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.
    />
    Wat de stof oanbelanget, is De Jong binnen de grinzen fan syn kennis en ûnderfining bleaun. En hy beskriuwt dat stik boere- en hynstelibben net allinne mei kennis fan saken, mar ek mei leafde. Net djip of grut, noch yn fûle spanning, mar dochs wol sa nijsgjirrich dat it de belangstelling oan de ein ta geande hâldt.
    E.B. Folkertsma yn De Tsjerne yn 1954

    It opfallendste oan Trude is, tinkt my, it sykjen nei it arkadië, de lânsdouwe dêr't alles yn harmonije is. De Jong giet mei opsetsin de konflikten út 'e wei en lit yn Trude syn oanstriid ta moaiskriuwerij sjen. Yn it tekenjen fan leaflike lânskippen
    is De Jong in master.
    Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant yn 1994

  • Swart mar leaflik

    Watse Cuperus

    • Tde
    • 5 Maart 2012

    De roman Swart mar leaflik spilet oan 'e Fryske noardkust. Swarte Jantsje hat de minne eigenskippen fan har heit urven, mar ek de goede fan har mem. Har wize fan libjen falt ferkeard by de minsken om har hinne, mar se is sterk en moedich. It boek jout in goed byld fan in sletten mienskip yn 'e twadde helte fan de 19de ieu. De skriuwer wiist de maatskiplike misstannen oan as oarsaak fan it soms frijwat ûnotterdokse hâlden en dragen fan Swarte Jantsje.
    Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1998, mei in neiwurd fan T. Steenmeijer-Wielenga.

    Swart mar leaflik is net in klassyk literêr wurk, mar wol in populêr en aardich folksboek.
    Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant

    Cuperus was onder de schrijvers van het genre van de eenvoudige streekroman een van de besten.
    Tiny Mulder yn Literair kwartier fan de RONO

empty