• Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing.
    Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate.
    It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes...

  • It geloksbern

    Hilda Talsma

    As Betty nei in skoft yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan Evert en har dochter Ymkje witte. Se hat slim lêst fan skuldgefoel èn fan har ferbrânde earm, dyt noch net goed genêzen is. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Se komt swier ûnder de betsjoening fan Emiel, mei in stim dyt like rau en rûch is as de sjonger sels. Betty wol suver wer âlderwetsk los en de maten út har wylde tiid kinne de eagen net fan har ôfhâlde. Mar dan bedjert har suster Akkelyn, lykas altyd, it feest.
    Mei dit tredde diel oer Elske, Ronny en Betty slút Hilda Talsma dizze searje op in tige meinimmende wize ôf. Har flotte en humoristyske styl en de fanselssprekkende natuerlikens fan de haadpersoanen sprekke in breed publyk oan. In spannend boek, dêrt in protte yn bart. Boeiend fan begjin oant ein. Earder skreau Hilda Talsma De twadde hûd, wêrynt Ronny en Elske inoar nei jierren wer treffe. Yn Flammen stiet har houliksfeest sintraal. En yn dit tredde diel komme de ferskillende linen byinoar.

  • Brekber

    Hilda Talsma

    Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dyt se al har hiele libben kin en dêrt se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as dat se him jaan kin.
    As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêrt Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêrt se slim fan ûnder de yndruk rekket en dat set alle ferhâldingen op skerp.
    Desyllusionearre giet se werom nei hûs. Se fynt wurk op in maneezje dêrt se it nei `t sin hat. Mar dat duorret net lang, se krijt in nije baas. Hy hat in kompleet oare fizy as har. Se kin him net útstean en hy fynt har in oansteller. Dochs krije se úteinlik wat mear respekt foar elkoar mar dan sjocht Sinne eat dat har hert brekt en hy is dêrby belutsen. Se nimt in rigoereus beslút mar flechtet foar de gefolgen. En dan komt se harsels goed tsjin.


    Hilda Talsma stiet bekend om har flotte en frisse skriuwstyl. Har boeken lûke in breed publyk. Earder skreau se de trilogy De twadde hûd, Flammen en It geloksbern.


  • Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele.
    It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei. Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret.

    Dit boek is geskikt foar in breed publyk: meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Hilda Talsma nimt de lêzer mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp lykas safolle oare doarpen yn Fryslân. De minsken hâlde wol fan in fersetsje, en as it dan feest is wolle de oars sa deeglike maskers noch wolris weifalle en wurdt der hjir en dêr flink bûten de stringen stapt. Dat leveret bytiden hilaryske sitewaasjes op, mar ek pynlike mominten, dy't foar elk werkenber binne.

  • Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út 'e naad om har werom te finen en sa komme se yn 'e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta in ferrassende reis nei Justine har bertelân, Suriname.
    Hilda Talsma hat namme makke mei har flotte, meinimmende romans De twadde hûd, Flammen, It geloksbern (bondele yn Frisum Trilogy), Brekber en har skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid en Wyn fan de winners. Slangen ûnder it bêd is har earste jeugdroman, skreaun nei in idee fan Henk de Vries.

  • Wyn fan de winners is it tredde en lêste diel fan de Wyntrilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn 'e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no't se mem is, en mei de Onnie's yn it fermidden witte je noait hoe't de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op 'e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen.
    Mei Wyn fan de winners hat Hilda Talsma wer in skûtsjeroman skreaun dat in breed publyk oansprekke sil. Flot, fermaaklik en meinimmend. Har eardere skûtsjeromans, Wyn fan feroaring (I) en Wyn fan de wierheid (II) wiene beide Boek fan de Moanne yn de simmer. Earder skreau sy trije romans oer it doarp Frisum: De twadde hûd, Flammen, It geloksbern (bondele yn Frisum Trilogy. Dêrnei folge Brekber, oer Sinne, in jonge frou dy't hiel goed mei hynders omgean kin. Yn 2017 publisearre se har earste jeugdroman Slangen ûnder it bêd.

  • It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net mei omgean kin, op har eigen wize teplak. De relaasje tusken Roos en Hindrik hat bot te lijen ûnder de frustraasjes fan Hindrik en sadwaande giet Wildrik nei de maneezje fan Richard en Sinne. Wildrik fielt him al gau thús by Sinne en Roos by Richard. Mei-inoar dogge se de tarieding fan Wildrik foar de hynstekeuring yn it WTC Expo en de oanrin dêrhinne én de útkomsten dêrfan binne mear as ferrassend!

    'Wer in hearlik Hilda-boek!'
    Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It geloksbern, letter bondele ta de Frisum Trilogy. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. Yn de jierren 2015, 2016 en 2017 ferkynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie's en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd.

empty