Filter
Uitgevers
Formaten
-
Yn dit boek besiket Akky van der Veer (1943) al ûndersykjende- en skriuwendewei antwurd te finen op algemien minsklike fragen lykas: Wêrta binne wy op Ierde? Wêrom is der safolle gaos en lijen yn dizze wrâld? Wat kinne wy der meielkoar ta bydrage om de needsaaklike balâns tusken ljocht en tsjuster, tusken goed en kwea, werom te krijen?
Net troch de kop yn it sân te stekken, is har stelling. Mar troch moedich te wêzen en de fiergeande manipulaasjes fan de PTB (Powers That Be), dêr't wy yn finzen sitte, ûnder eagen te sjen en reewillich te wêzen dêr wat tsjin te dwaan. 'Allinne as wy wekker wurde út in al tûzenen jierren duorjende sliep en einlings beseffe wa't en wat wy fan oarsprong binne, kinne wy ússels wer befrije,' skriuwt se yn it earste haadstik.
Akky van der Veer wol mei 'De reuzen wurde wekker' har nije ynsichten graach mei de lêzer diele. De skiednis fan de Ierde en de minske is neffens har hiel oars as ús altyd foarholden is. Dochs wol se mei klam sizze dat wat foar har 'wier' wurden is, dat foar oaren net sa hoecht te wêzen: 'Elk minske hat rjocht op syn/har eigen wierheid.'
Om har eigen syktocht te stypjen en foar de lêzer oannimlik te meitsjen, hat se achter yn dit boek safolle mooglik boarnen opneamd, yn de foarm fan ferwizings nei literatuer, websiden, fideo-ynterviews en Youtube-filmkes. Wa't dat wol, kin dêrom sels ek op ûndersyk gean.
-
Wat moat in minske dwaan, wat moat er litte, om goed te libjen?
Wat helpt dêrby? Selskennis of it dwaan fan goede wurken?
Is God in persoan bûten jo? Of is God yn jo en moatte jo josels feroarje om God yn josels te sjen?
Kin in minske neieroan ta God komme troch te stribjen nei deugd en harmony?
Kinne wy ús gedachten yn `e macht krije en ússels op dy wize te'n goede feroarje?
Oer sokke fragen giet de Bhagavad Gita, in boek dat it midden hâldt tusken wittenskip en godstsjinst. Yn dit boek sprekt God ta de minske as in freon ta in freon.
Wat moet een mens doen, wat moet hij laten, om goed te leven?
Wat helpt daarbij? Zelfkennis of het doen van goede werken?
Is God een persoon buiten de mens? Of is God in de mens en moet die zichzelf veranderen om God in zichzelf te kunnen zien?
Kan een mens dichter bij God komen door te streven naar deugd en harmonie?
Kunnen wij onze gedachten beheersen en onszelf zo ten goede veranderen?
Over zulke vragen gaat de Bhagavad Gita, een boek dat het midden houdt tussen wetenschap en godsdienst. In dit boek spreekt God tot de mens als een vriend tot een vriend.
-
Ik fyn dat san prachtich idee, mem. Troch te beseffen dat al it oare ek it Iene is, falle alle tsjinstellings fuort. Want ik bin myn meiminske en myn meiminske is my yn in oare foarm. De pine en de blydskip fan alle oare skepsels binne ek myn pine en blydskip. Dat is hast de letterlike betsjutting fan de opdracht fan Jezus: `Haw God leaf boppe alles en dyn neiste as dysels. God boppe alles ferwiist nei it ienheidsbewustwêzen, God as it bewustwêzen fan it Iene. En dan folget hielendal fanselssprekkend de leafde foar de neiste as foar dysels. It is net `ik en de oare mar `ik bin de oare en de oare is my.
As famke fan fjirtjin jier, yn 1958, krige Akky van der Veer t.b.c. en moast se `kuere yn sanatoarium Sonnevanck yn Hurderwyk. Doet se wer thús kaam, wie se nei dy oardel jier letterlik en figuerlik groeid en sa feroare, dat har mem har net mear `koe. Yn it begjin hat har mem alle war dien om Akky wer yn it leave, skrutene famke te feroarjen dat se earder west hie. It joech in hiele protte striid tusken harren en se koene der net oer prate. Doet dat einlings al koe, wie har mem oan it demintearjen.
Nei har ferstjerren fielde Akky van der Veer it ferlet om brieven oan har mem te skriuwen, sa oprjocht mooglik, sûnder franje. Troch it skriuwen fan dizze brieven - tusken 12 desimber 2010 en 15 juny 2012 - is se har stikje by bytsje bewust wurden fan de djippere betsjutting fan har libben en it minslik libben yn it algemien. Geandewei it skriuwen kaam it iene nei it oare ynsicht op har ta en doarde se it dogma los te litten dat ús wrâld it middelpunt fan de kosmos is en it minskdom de iennige `troch God skepen libbensfoarm.
Guon nije ynsichten wiene foar har konfrontearjend, woene har earst net oan en makken har lilk. Se kaam hieltyd mear teorieën tsjin dyt heaks steane op de gongbere opfettings en har besteande wrâldbyld wankele. Se lies der boeken oer en socht nei bewizen op it ynternet, yn de archeology en yn âlde geskriften. Pas doet se de bibel as in astro-teologysk boek doarde te lêzen, foel alles `te plak en fielde se de frijheid en de romte om `grutter te tinken as it hjir en it no.
Har brieven kinne dêrom besjoen wurde as in autobiografyske learwei en in net te kearen persoanlik bewustwurdingsproses.