TDE

  • Dit boek spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda hat trije seizoensarbeiders fan It Bilt ynhierd foar de ûngetiid. It akkordearret net tusken harren. Holwerda fynt de mannen te mûlryp en te selsbewust. Geandewei ûntjout him in machtsstriid, dêr't de boer slach op slach yn ferliest. As it wurk earder d...

    ebook (ePub) € 6.00 In winkelwagen
  • Nei de klap

    Trinus Riemersma

    • Tde
    • 31 december 2014

    In ploechje bern swalket troch Frankryk en besiket te oerlibjen. It is in jier of sân nei de klap. Sûnt is de natoer yn de war. Allinne rêdt in mins it net op yn san wrâld. Bern hâlde har better steande as âlderen. De fjirtjinjierrige Ake út Drachten hat him oansletten by it ploechje fan Claus, in m...

    ebook (ePub) € 7.50 In winkelwagen
  • Tin iis

    Tiny Mulder

    • Tde
    • 31 december 2014

    De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har âlder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy dêr starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma dyt it hûs iepen...

    ebook (ePub) € 8.50 In winkelwagen
  • Hilbrand en syn suske Fardou wenje wat isolearre op in pleats bûtenút. Har heit wol dat se mei sport grutbrocht wurde, har mem set se op it spoar fan de literatuer. It ferhaal wurdt ferteld troch Hilbrand. Heit en mem ha in minne relaasje en hy ûntdekt dat heit mei oare froulju omslacht. Sels rekket...

    ebook (ePub) € 7.00 In winkelwagen
  • Fabryk

    Trinus Riemersma

    • Tde
    • 2 mei 2012

    Der is gjin Frysk boek dat sa'n lange en sa'n fûle diskusje losmakke hat as Fabryk (1964). Dêrby gong it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer. Ien fan de opfallendste eleminten yn Fabryk is it idee fan de ik-figuer om in died te stellen om ...

    ebook (ePub) € 6.50 In winkelwagen
  • De reade bwarre

    Trinus Riemersma

    • Tde
    • 18 april 2012

    It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de `Modderklauers', op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de `Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de `grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de j...

    ebook (ePub) € 10.00 In winkelwagen
  • De smearlappen

    Anne Wadman

    • Tde
    • 18 april 2012

    De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis, dy't langet nei frijheid en fiere fierten. Se wennet allinne mei har heit, in `gelearde boer', dy't hielendal opgiet yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. I...

    ebook (ePub) € 5.00 In winkelwagen
  • De Kaartlizzer (1856) fertelt in skiednis fan begearte en bedroch dy't him ôfspilet yn in broeiske sfear fan rabberij, byleauwe en erotyk. It is it ferhaal fan in groeiende spjalt tusken man en wiif. Hy in bolderbast dy't it leauwe ôfsward hat, sy fynynlein, from foar de hân, bang en byleauwich. In ...

    ebook (ePub) € 5.50 In winkelwagen
  • Sunder garansje

    Froukje Annema

    • Tde
    • 17 april 2012

    Froukje Annema beskriuwt yn Sûnder garânsje it oangripende ferhaal fan Hilda, in frou yn de fjirtich, dy't samar fan in sûn minske in kankerpasjint wurdt as by har boarstkanker konstatearre wurdt. De dokters kinne gjin garânsje op genêzing jaan mar ferklearje har oan de ein wol better. It ferhaal wu...

    ebook (ePub) € 6.50 In winkelwagen
  • Swart mar leaflik

    Watse Cuperus

    • Tde
    • 17 april 2012

    De roman Swart mar leaflik spilet oan 'e Fryske noardkust. Swarte Jantsje hat de minne eigenskippen fan har heit urven, mar ek de goede fan har mem. Har wize fan libjen falt ferkeard by de minsken om har hinne, mar se is sterk en moedich. It boek jout in goed byld fan in sletten mienskip yn 'e twadd...

    ebook (ePub) € 7.00 In winkelwagen
  • De hoara's fan hastings

    Simke Kloosterman

    • Tde
    • 18 april 2012

    Dizze roman spilet op 'e earme Fryske heide fan Hastings, dêr't Twizel model foar stie, en beskriuwt de wjerfarrens fan de rike boerefamylje Hastings. Heit Wychman hat in tsjuster ferline mei in healbroer, soan Fokke kriget de faam net dêr't er syn sin op set hie, en Hester, suster fan Wychman, kies...

    ebook (ePub) € 6.50 In winkelwagen
  • Simmer

    Nyckle J. Haisma

    • Tde
    • 17 april 2012

    Foar Aent Obma, boeresoan en opgroeid op de famyljepleats oan it Dokkumer Djip, is Fryslân yn syn jonge jierren te lyts. Hy swalket de hiele wrâld oer en fia Amearika bedarret er yn Ynje. Pleage troch ûnwennigens komt er nei in fearnsieu in simmer lang werom yn it Heitelân. Aent fynt byld en wêzen f...

    ebook (ePub) € 5.00 In winkelwagen
  • Cap Sud

    R.R.R. van der Leest

    • Tde
    • 5 juli 2012

    Cap Sud (sûnder aksint: it is in Frânske namme) giet oer twa freonen, Diderik en Gerl. Gerl sjocht yn in fisoen hoe't syn maat in autoûngelok krijt. Nei in petear mei in âlde frou dy't yn de takomst sjen kin, giet Gerl mei de feint fan syn suster op 'e motor op speurtocht nei Diderik om him dêr foar...

    ebook (ePub) € 6.00 In winkelwagen
  • De wylde boerinne

    T.E. Holtrop

    • Tde
    • 17 april 2012

    Boerinne en widdofrou Broersma jout har buorman Lammers blau, in lyts en ûnsjoch mantsje, mar wol boer op in grutte pleats. As wraak ûntseit Lammers frou Broersma it rjocht fan reed, foar har needsaaklik as ferbining mei de bûtenwrâld. It konflikt tusken beide graniten karakters wurdt pas beslikke m...

    ebook (ePub) € 6.50 In winkelwagen
  • Yn dizze boereroman út 1939 wurdt in fetweider delset dy't besiket syn lytse buorkerij en húshâlding fan frou en trije dochters yn bestjoer te hâlden. Dat slagget him mar amper, want de froulju dogge har eigen sin. It ferhaal folget it jier dat de trije fammen oan in man slagje. De âldste, Fokje, gi...

    ebook (ePub) € 6.00 In winkelwagen
  • De bondel In brulloft yn de Wâlden is in kar út de bêste proazastikken fan Tsjibbe Gearts van der Meulen en útjûn ta gelegenheid fan syn 150ste bertejier. Besoargers wiene Freark Dam en Ype Poortinga. Hja neamden him njonken Waling Dykstra de wichtichste folksskriuwer fan syn generaasje. Yn syn wier...

    ebook (ePub) € 6.50 In winkelwagen
  • Imitaasjelear

    Jitske Bilker

    • Tde
    • 17 april 2012

    Anke Stevens is yn in beskerme milieu grutbrocht dêr't it kristlik leauwe it fûnemint is fan it bestean. Se wol har net deljaan ûnder it gesach fan har âlden en ûnder ynfloed fan har hertsfreondin Margreet skuort se har los út in fermidden fol beheinings. Op har reis nei folwoeksenens lit se in spoa...

    ebook (ePub) € 7.00 In winkelwagen
  • De oerwinning fan Bjinse Houtsma

    Anne Wadman

    • Tde
    • 19 december 2014

    Hindrik Visser is in artistike doarps-haadûnderwizer en dirigint fan de pleatslike sjongferiening. Hy rekket hielendal yn de besnijing fan de jonge Lutske Westra, rike boeredochter, `in frou mei in Mercedes en in ferline. Hindrik fynt in konkurrint op syn paad, de populêre ekspediteur en amateurtoan...

    ebook (ePub) € 5.50 In winkelwagen
  • Losse hannen

    Saakje Huisman

    • Tde
    • 18 december 2014

    Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en ek thús heart se der net echt by. Har âldere broer is jaloersk op syn kreas suske en mem hâldt him de hân boppe de holle. Tessa komt graach oer de flier by Sjerda, dyt troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet in ei...

    ebook (ePub) € 6.50 In winkelwagen
  • De roman Fabryk ferskynde yn 1964 as Riemersma syn debút. De haadpersoan wurket yn in grientekonservefabryk. Hy sjocht hoet syn kollegas har deljouwe ûnder de twang en ferlieding fan it meunster dat it fabryk is. Hy rint om mei it idee om in died te stellen en dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de...

    ebook (ePub) € 6.50 In winkelwagen
  • Minskebern

    Margryt Poortstra

    • Tde
    • 31 december 2014

    Twa minskebern spylje yn dizze roman in grutte rol. Maart is oan e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. Hielendal oan e ein en...

    ebook (ePub) € 5.50 In winkelwagen
  • Koartsluting

    Akky van der Veer

    • Tde
    • 31 december 2014

    Harry Stobbe docht oars net mear as lige tsjin syn mem. Hy hat jild liend en dat jild hat er fergokt yn it kasino. No moat er fytsen stelle foar Sjors. Harry wennet yn Ljouwert. Yn in tunneltsje ûnder de rûnwei komt er yn kontakt mei Yfke Jorritsma fan de hifi-shop. Ynienen wit er in oare manier om ...

    ebook (ePub) € 5.00 In winkelwagen
  • De oerwinning fan Bjinse Houtsma

    Anne Wadman

    • Tde
    • 24 december 2014

    Durk Snoad wa ken him net? Yn 1971 ferskynde Rink van der Velde syn skelmeroman Feroaring fan lucht. It boek waard in klinkend sukses en neffens de ferhâldingen in absolute bestseller. Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad, is de heit fan in húshâlding mei tolve bern en wennet earne djip yn de Sweachs...

    ebook (ePub) € 6.50 In winkelwagen
  • Foar de lins

    Paulus Akkerman

    • Tde
    • 11 december 2014

    De ferhalen `Foar de lins fan Paulus Akkerman yn de `Sneon en Snein-bylage fan de Ljouwerter Krante ha fan 'e miet ôf oan - dat wie 9 oktober 1965 - in grut en tankber lêzerspublyk fûn. Net allinne de âlderein, dy't harsels faken werom fynt yn dizze ferhalen, is der sljocht nei, mar ek de jongerein,...

    ebook (ePub) € 7.00 In winkelwagen
empty