[eBook]  Brieven oan dy

Op verlanglijst

Der is in needsaak ta útwikseling, op hokker wize dan ek, om ússels te uterjen. Ik skreau dy, wa'tsto ek mar bist. It ferrike en ferlinge myn paad. 'For lo, I rise up', skreaun troch C.V. Stanford oan it begjin fan de earste wrâldkriich, siet my yn 'e holle doe't ik dizze wurden maaie 2016 op Iona oan it papier tabetroude. Deis foar de reis nei Skotlân songen wy it mei de Leeuwarder Bach Vereniging by de deadebetinking. Ik draach dit boek, dat ek yn it Ingelsk ferskynt, op oan de 18-jierrige muzikus Calum Woods. Ik moete him op Iona, yn de Abbey. Hans Wempe en David McDonald namen de cd op. Fan Hans is ek de begeliedende muzyk. Nathaniel van Veenen spilet de gitaarsolo. Mei tank oan de LBV is 'For lo, I rise up' tafoege, dirigent Geke Bruining-Visser. Theo Jellema bespile it Mülleroargel fan de Grote of Jacobijnerkerk Ljouwert. De opname is makke troch Henk la Roi. Geart Tigchelaar seach de Fryske teksten nei, Ydwine Scarse de Ingelske. De skilder Hendrik Elings makke de ôfbyldings. Ankemarije Dam fersoarge de foarmjouwing. De dichter Eppie Dam en mei reizger Jurjen Hilverda liezen mei.

  • EAN 9789089549266
  • Beschikbaarheid Beschikbaar
  • Aantal pagina's 136
  • Selecteren en plakken Toegelaten
  • Afdrukken Toegelaten
  • Bestandsgrootte 9 783 Ko
  • Verdeler ePagine NL
ebook (ePub)
€ 6.50
Digitaal Watermerk
: ePagine

empty