[eBook]  De kreftproef

De krêftproef, dizze nije roman fan Piter Boersma (yn 1998 winner fan de Gysbert Japicxpriis), is in nuveraardich boek. It bout nei de foarm fierder op syn earder ferskynde wurk as It libben sels (1997) en It útsjoch (2005). Yn koarte, poëtysk kleure haadstikken beskriuwt Boersma syn filosofy en (Fryske) literêre achtergrûnen. De eigen belibbingswrâld fan de skriuwer stie yn dy romans sintraal, yn dit nije boek leit dat oars. Yn De krêftproef draait it ferhaal om de actman Jelle Westerbaan, om it projekt dat er betinkt en om syn freone- en kunderûnte yn de stêd Ljouwens. Haadrollen binne dêrby weilein foar Boersma syn literêre foarbylden en helden Arthur Rimbaud, Daniil Charms, Velimir Chlebnikov, Paul van Ostaijen en Richard Brautigan. Mei harren bringt Jelle Westerbaan, in dochminske, wat ta stân dat eins ûnmooglik liket te wêzen. Troch de fantasyrike, absurdistyske kant fan it boek slút De krêftproef oan by Boersma syn mearke-eftige roman De klûs fan Copmanshurst.

  • EAN 9789033003127
  • Beschikbaarheid Beschikbaar
  • Aantal pagina's 161
  • Selecteren en plakken Toegelaten
  • Afdrukken Toegelaten
  • Bestandsgrootte 1 111 Ko
  • Verdeler ePagine NL

empty